Faak frege saken

Ynlog- en registraasjefragen

Wêrom slagget it ynloggen net?
Dêr kin in ferskaat oan oarsaken foar dit probleem wêze. Kontrolearje earst oft dyn brûkersnamme en it wachtwurd wol doge. At dizzen goed binne kinst kontakt opnimme mei de behearder om der wis fan te wêzen datst net yn de ban dien bist. Ek kin it sa wêze dat de foarumynstellings yn de war binne. De behearder soe dat oplosse kinne moatte.
Nei boppen

Wêrom moat ik mysels registrearje?
De behearder hat bepaald ofsto al as net registrearre wêze moatst om bydragen te pleatsen. Hoe dan ek krijst as registrearre brûker folle mear mooglikheden. Sa kinst bygelyks in avatar opjaan, priveeberjochten stjoere, oare brûkers in eameltsje stjoere, lid wurde fan brûkersgroepen ensfh. It registraasjeproses duorret mar in pear tellen, dat it is wier net tefolle moeite!
Nei boppen

Wêrom wurd ik automatysk útlogd?
Atst de opsje Automatysk ynlogge by elke besite net oanfinkst, bliuwst mar foar in bepaalde tiid ynlogd. Sa is de kâns lytser dat oaren dyn brûkersnamme misbrûke kinne. Om ynlogd te bliuwen, moatst by it ynloggen de opsje oanfinke. Wy riede it dy ôf om dizze opsje te brûken op kompjûters yn iepenbiere romten, lykas op skoalle, yn de byblioteek, in ynternetkafee ensfh. Wannear't dizze opsje net beskikber is hat de behearder dizze opsje útskeakele.
Nei boppen

Hoe kin ik der foar soargje dat myn namme net yn de oanwêzige brûkers list komt?
Yn dyn profyl kinst ûnder it kopke "foarum ynstellings", de opsje ûnsichtber wannear't ik oanwêzich bin fine. Atst dizze opsje aktivearrest troch ja oan te jaan, silst ûnsichtber wêze foar elkenien útsein de behearders, masters en dysels.
Nei boppen

Ik bin myn wachtwurd fergetten!
Gjin panyk! Do kinst dyn notiidske wachtwurd net werom krije mar der is wol in mooglikheid om in nij wachtwurd oan te freegjen. Hjirfoar moatst nei de ynlogside gean en dan klikke op wachtwurd fergetten?. Folgje de ynstruksjes sa it skerm en do kinst gau wer ynlogge.
Nei boppen

Ik haw in brûkersnamme oanfrege mar kin net ynlogge!
Kontrolear earst oft dyn brûkersnamme en wachtwurd wol doge. Wannear't dy goed binne kin it ien as meardere oarsaken hawwe. Wannear't COPPA aktivearre is en atst do by de registraasje opjûn hast datst jonger as 13 jier bist, moatst de krigen ynstruksjes opfolgje. Is dit net it gefal? Faaks moat dyn brûkersnamme dan noch aktivearre wurde. Op guon foara is it fereaske dat eltse nije brûkersnamme aktivearre wurdt, dit kin troch de behearder as troch dysels dien wurde moatte. Tidens de oanmelding waard dit al meidield. Atst in eameltsje krigen hast moatst de dêryn opname ynstruksjes útfiere. Hast gjin eameltsje krigen? Klopte it opjûne eameladres dan wol? Ien fan de redens foar de aktivaasje is it tsjingean fan falske brûkersnammen. Atst der wis fan bist datst dyn eameladres goed opjûn hast, nim dan efkes kontakt op mei de behearder.
Nei boppen

Ik haw my yn it ferline oanmelden mar kin no net mear ynlogge!?
De meast foarkommende oarsaken hjirfoar binne in ferkearde brûkersnamme as wachtwurd (kontrolear it eameltsje mei dyn registraasjegegevens) as de behearder hat om de ien as de oare reden dyn brûkersnamme fuorthelle. At dat lêste it gefal wie, hast dan ea wol ris in berjocht pleatst? It komt gauris foar dat foarums om de safolle tiid brûkers, dy't noch gjin bydragen levere hawwe, fuorthelje. Dit wurdt dien om de databanken te ûntlesten. Besykje dy op 'e nij oan te melden en draach by oan de diskusjes.
Nei boppen

Wat is COPPA?
COPPA is de ingelske ôfkoarting foar "Child Online Privacy and Protection Act". Dit is in Amearikaanske wet út 1998 dy't fereasket dat elke thússide dy't mooglik gegevens fan jongerein ûnder de 13 jier sammelt, dêrfoar tastimming hawwe moat fan de âlders. Dizze tastemming moat skriftlik as op in oare wize ferliend wurde, sadat de âlders witte dat de thússide persoanlike gegevens fan harren bern, jonger as 13, hat. Atst der net wis fan bist dat dizze wet ek fan tapassing is op dy as op de thússide dêr'tst dy foar registrearje wolst, nim dan kontakt op mei in juridysk riejouwer foar mear ynformaasje. Hâldt der rekkening mei dat it phpBB team gjin wetlike ynformaasje leverje kin en ek net it oansprekpunt is foar dizze wetjouwing, útsein wannear't soks hjirûnder oanjûn wurdt.
Nei boppen

Wêrom kin ik myn net oanmelde?
Mooglik hat de behearder dyn IP-adres yn de ban dien as de opjûne brûkersnamme is ferbean. Ek bestiet de mooglikheid dat de behearder de registraasjemooglikheid útskeakele hat om sa nije registraasjes foar te wêzen. Nim efkes kontakt op mei de behearder foar ekstra help en as ynformaasje.
Nei boppen

Wat docht "Helje alle foarum cookies fuort"?
Helje alle foarum cookies fuort soarget der foar dat alle cookies dy't troch phpBB3 oanmakke waarden fuorthelle wurde. Dizze cookies soargje der foar datst ynlogd bist en jouwe dy, at de behearder soks tastiet, ek de mooglikheid om te sjen hokker ûnderwerpen atst al lêzen hast.
Nei boppen

Brûkersfoarkar en -ynstellings

Hoe feroarje ik de ynstellings?
Atst dysels registrearre hast wurde al dyn gegevens opslein yn ús databank. Om de opsleine gegevens te feroarjen moatst op de brûkersprofyl ferwizing klikke (dizze is meastentiids earne boppe oan de side te finen mar soks kin ferskille), dêrnei kinst dyn ynstellings oanpasse.
Nei boppen

De tiden doge net!
It is mooglik dat de tiid dy't jûn wurdt fan in oare tiidsône is dan dy wêryn'tst do wennest. At dit it gefal is, moatst nei it brûkersprofyl gean en de tiidsône feroarje yn in bepaald gebied (byg: Amsterdam, New York, Sydney, ensfh.). Tink der om dat it oanpassen fan de tiidsônes allinnich dien wurde kin troch in registrearre brûker. Atst dy noch net oanmeld hast dan is dit in goed tiidstip om dat te dwaan.
Nei boppen

Ik haw de tiidsône oanpast mar de tiden doge noch altyd net!
Atst der wis fan bist datst de tiidsône en de simmertiid goed ynfolle hast en de tiid doogt noch altyd net, dan is nei alle gedachten de tiid op de server ferkeard ynsteld. De behearders sille dit oanpasse moatte.
Nei boppen

Myn taal komt net foar yn de list!
De meast foarkommende reden hjirfoar is dat de behearder dyn taal net ynstallearre hat as dat it foarum noch net yn dyn taal oerset hat. Do kinst de behearder fansels altyd in fersyk stjoere om it taalpakket datst graach brûke wolst te ynstallearjen. At dizze noch net bestiet kinst dizze mooglik sels oersette. Mear ynformaasje hjiroer kin fûn wurde op de thússide fan de phpBB groep (de ferwizing stiet ûnder alle siden).
Nei boppen

Hoe kin ik in ôfbylding ûnder myn brûkersnamme pleatse?
Der kinne twa ôfbyldings ûnder in brûkersnamme stean. De earste ôfbylding jout dyn rang oan op dit foarum. Meastal binne dit stjerkes as blokjes dy't oanjouwe hoefolle bydragen atst al levere hast as wat dyn status is. Dêrûnder kin noch in twadde ôfbylding stean, de saneamde avatar. Dizze ôfbylding is meastal unyk as persoanlik foar elke brûker. De behearder hat de kar om avatars al as net ta te stean. Dêrneist kin de behearder ek bepale op hokker wize immen in avatar kieze mei. Atst dus gjin brûk meitsje kinst fan avatars dan hat de behearder dat sa ynsteld.
Nei boppen

Hoe feroarje ik myn rang?
Yn it generaal kinst dyn rang net wizigje (dizze stiet ûnder dyn brûkersnamme by dyn bydragen en op dyn profyl mar soks hinget ek ôf fan de brûkte styl). De measte foarums meitsje gebrûk fan rangen om oan te jaan hoefolle bydragen atst levere hast, mar guon brûkers lykas Masters en Behearders hawwe ek in aparte rang. No is it fansels net de bedoeling om dit foarum te fersmoargjen mei ûnsinnige bydragen allinnich om dyn rang te ferheegjen. Dit kin sels it tsjinoerstelde effekt hawwe, in Behearder as Master kin dan dyn bydrageoantal oanpasse as dyn brûkersnamme hielendal blokkearje.
Nei boppen

At ik in eameltsje stjoere wol nei in brûker moat ik ynlogge?
Allinnich registrearre brûkers kinne it ynbouwde eamelformulier brûke (at de Behearder dat tastien hat). Dit om misbrûk fan it eamelsysteem foar te wêzen.
Nei boppen

Fragen oer it pleatsen fan bydragen

Hoe pleats ik in bydrage yn in foaum?
Om in nije bydrage yn ien fan de foarums te pleatsen klikst op de oanbelangjende knop op de side mei ûnderwerpen as yn in bepaald ûnderwerp. Mooglik moatst dysels earst oanmelde foar datst in nij ûnderwerp oanmeitsje kinst, dyn rjochten op it foarum stean ûnderoan de side mei ûnderwerpen as yn in ûnderwerp (de list mei Do meist gjin nije ûnderwerpen yn dit foarum pleatse, do meist net antwurdzje op in ûnderwerp út dit foarum, ensfh.).
Nei boppen

Hoe kin ik in bydrage oanpasse as fuorthelje?
Utsein atst in Behearder as Master bist kinst allinnich dyn eigen bydragen oanpasse as fuorthelje. Do kinst in bydrage oanpasse (soms mar foar in beheinde tiid nei it pleatsen) troch te klikken op de oanpasse knop fan de oanbelangjende bydrage. Wannear't der al immen op dyn bydrage reageart hat komt der ûnder dyn bydrage in lytse tekst te stean dy't ferteld hoefaak en wannear't dyn bydrage oanpast wurden is. Dit sil net ferskine at der noch net ien reageart hat en likemin wannear't dyn bydrage oanpast is troch in Behearder as Master. Sy kinne wol in meidieling pleatse mei de reden fan de oanpassing. In bydrage fuorthelje kin net mear wannear't der al immen op reageart hat.
Nei boppen

Hoe kin ik in hântekening taheakje oan al myn bydragen?
Om in hântekening oan dyn bydrage ta te heakjen silst dizze earst meitsje moatte. Dit kinst yn dyn brûkersprofyl dwaan. Dêrnei kinst de opsje heakje myn hântekening ta oanfinke atst in bydrage pleatst. Do kinst der ek foar soargje dat dyn hântekening automatysk oan elke bydrage taheakke wurdt. Dit kinst dwaan troch yn it brûkersprofyl dizze opsje oan te finken (it is noch hieltyd mooglik om dyn hântekening út te skeakeljen by it pleatsen fan in bydrage).
Nei boppen

Hoe meitsje ik in enkête?
In enkête oanmeitsje is hiel ienfâldich. By it oanmeitsjen fan in nij ûnderwerp (of atst de earste bydrage yn in ûnderwerp oanpast, atst dêr de rjochten foar hast) soest in "heakje enkête ta" tabblêd fine moatte ûnderoan it bydrageynfolfjild (atst dit tabblêd net sjen kinst hast net genôch rjochten om enkêtes te meitsjen). Do moatst de enkête in titel meijaan bygelyks "enkête fraach?" en dan op syn minst 2 mooglikheden opjaan yn it enkête opsjes part (in limyt is troch de behearder ynsteld), elke opsje moat op in eigen regel. Do kinst ek ynstalle hoefolle opsjes in brûker kieze mei (opsjes per brûker) en in tiidslimyt yn dagen foar de enkête (0 is in enkête sûnder eintiid).
Nei boppen

Wêrom kin ik net mear enkêteopsjes taheakje?
De limyt foar it tal enkêteopsjes is ynsteld troch de foarumbehearder. Atst mear opsjes nedich hast kinst kontakt opnimme mei de foarumbehearder.
Nei boppen

Hoe kinst in enkête oanpasse as fuorthelje?
Krekt lykas by de bydragen kin in enkête allinnich oanpast wurde troch dyjinne dy't him makke hat, in Master as in Behearder. Om de enkête oan te passen moatst de earste bydrage fan it ûnderwerp oanpasse. De enkête is dêr oan keppele. Wannear't der noch gjin stimmen útbrocht binne kinne brûkers de enkête fuorthelje as elke opsje oanpasse. At der al stimd is kin allinnich in Master as Behearder de enkête noch oanpasse as fuorthelje. Dit om foar te wêzen dat brûkers in enkête ferfalskje troch de opsjes letter oan te passen.
Nei boppen

Wêrom kin ik in bepaald foarum net iepenje?
Guon foara binne mooglik allinnich tagonklik foar in selekte groep brûkers as brûkersgroepen. Om bydragen te sjen, te lêzen, te pleatsen, ensfh. hast spesjale rjochten nedich. Dizze rjochten kinst allinnich fan Masters as Behearders krije, do moatst dy hjiroer dus by harren melde.
Nei boppen

Wêrom kin ik gjin taheakkings taheakje?
De mooglikheid om taheakkings ta te heakjen kin per foarum, brûkersgroep as brûker ynsteld wêze. De behearder kin it bygelyks sa ynstelle datst yn in bepaald foarum hielendal gjin taheakkings taheakje meist as dat allinnich behearders dit meie. Nim kontakt op mei de behearder atst der net wis fan bist wêrom'tst gjin taheakkings taheakje kinst.
Nei boppen

Wêrom krij ik in warskôging?
Op elk foarum jilde wer oare regels. At ien fan dizze regels (neffens de behearder) oertreden wurdt, kinst in warskôging krije. Ut stjoeren fan in warskôging nei dy is in beslissing fan de behearder, de phpBB groep hat hjir dus nea mei te krijen.
Nei boppen

Hoe kin ik bydragen oanmelde by in Master?
At de behearder it talit kinst hjirfoar op de oanbelangjende knop drukke by de bydrage. Atst hjir op klikst, moatst in pear stappen foltôgje om de melding te ferstjoeren.
Nei boppen

Wêr is de "opslaan" knop foar by it pleatsen fan in bydrage?
Hjirmei kinst bydragen opslaan om se letter ôf te meitsjen en te pleatsen. In opsleine bydrage kinst fia de oanbelangjende opsje yn it brûkersprofyl op 'e nij ynlade.
Nei boppen

Wêrom moat myn bydrage goedkard wurde?
De behearder kin beslisse dat oandroegen bydragen yn it foar neisjoen wurde moatte. It kin ek wêze datst yn in brûkersgroep pleatst bist wêrfan't de bydragen altyd yn it foar lêzen wurde moatte. Nim kontakt op mei de behearder foar mear ynformaasje.
Nei boppen

Hoe krij ik in ûnderwerp wer ûnder de oandacht?
Atst in ûnderwerp oan it besjen bist kinst op de omheech skop ferwizing klikke. Hjirtroch "skopst" it ûnderwerp wer nei de earste side fan de ûnderwerpelist. Wannear't dizze ferwizing der net stiet kinst in ûnderwerp net omheech skoppe. In ûnderwerp kin ek boppe oan setten wurde troch in reaksje te pleatsen, mar hâld hjirby wol rekkening mei de rigels fan it foarum.
Nei boppen

Tekstopmaak en ûnderwerp soarten

Wat is BBKoade?
BBKoade is in ferienfâldigde fersje fan html, it brûken hjirfan kin al as net tastien wurde troch de behearder (do kinst de BBKoade ek foar elke bydrage apart útskeakelje, dit is in opsje by it pleatsen fan dyn bydrage). De opmaak fan BBKoade is hast gelyk oan dy fan HTML, tags wurde tusken de fjouwerkante heakjes [ en ] pleatst, ynstee fan < en >. Dêrneist jout it in gruttere kontrôle oer hoe't eat wjerjûn wurdt. Mear ynformaasje oer BBKoade is te finen yn de hânlieding dy'tst fine kinst atst in bydrage iepenst.
Nei boppen

Kin ik HTML brûke?
Nee, it is net mooglik om HTMl te brûken. De measte opmaak dy't fia HTML tapast wurde kin is ek mei BBKoade mooglik.
Nei boppen

Wat binne emoasje-ikoantsjes?
Emoasje-ikoantsjes binne lytse plaatsjes dy't brûkt wurde kinne om útdrukking te jaan oan in bepaald gefoel, bygelyks :) betsjut bliid, :( betsjut ûngelokkich. Alle beskikbere emoasje-ikoantsjes wurde wjerjûn atst in bydrage pleatst. Meitsje net te folle gebrûk fan emoasje-ikoantsjes, sy meitsje in bydrage al gau ûnlesber, wat der ta liede kin dat in Master dyn bydrage oanpast as fuorthellet. De behearder kin ek in maksimum oantal emoasje-ikoantsjes per bydrage opjaan.
Nei boppen

Kin ik ôfbyldings pleatse?
Ja, do kinst ôfbyldings yn dyn bydrage pleatse. Wannear't de behearder dit tastiet kinst in ôfbylding oplade nei it foarum. Oars moatst der foar soargje dat de ôfbylding al earne oars op in publike server tagonklik is, bygelyks http://www.foarbyld.com/myn_foto.jpg. In ferwizing nei in plaatsje op dyn eigen kompjûter is net mooglik (útsein wannear't dit in webserver is). Ek ôfbyldings dy't yn in ôfskerme gebied stean, lykas yn: Hotmail as Yahoo eamelboksen, in mei in wachtwurd beskerme thússide, ensfh. kinne net brûkt wurde. Om in ôfbylding te pleatsen moatst de BBKoade [img] brûke.
Nei boppen

Wat binne globale meidielings?
Globale meidielings binne bydragen mei wichtige ynformaasje, do kinst se dan ek op ferskate plakken tsjin komme lykas boppeoan elk foarum en yn it brûkerspaniel. Atst al as net globale meidielings pleatse kinst hinget ôf fan de fereaske rjochten, dizzen binne ynsteld troch de behearder.
Nei boppen

Wat binne meidielings?
Meidielings binne bydragen mei wichtige ynformaasje oer it foarum datst op dit stuit oan it lêzen bist, do kinst dizze bydragen dan ek it bêste fuortdaalks lêze. Meidielings ferskine boppeoan elke side fan it foarum dêr't sy yn pleatst wurde. Lykas mei globale meidielings hinget it fan dyn rjochten ôf atst al as net meidielings pleatse kinst. Dizze rjochten wurde bepaald troch de behearder.
Nei boppen

Wat binne plakkerkes?
Plakkerkes binne ûnderwerpen dy't ûnder de meidielings stean yn it foarum en allinnich op de earste side. Meastal binne dizze bydragen frij wichtich, dus it lêzen wurdt oanred. Lykas mei meidielings hinget it fan dyn rjochten ôf atst al as net plakkerkes pleatse kinst. Dizze rjochten wurde bepaald troch de behearder.
Nei boppen

Wat binne sletten ûnderwerpen?
Sawol Masters as Behearders kinne ûnderwerpen slute. Do kinst dan net langer bydragen pleatse. Wannear't der in enkête oan in bydrage taheakke is eindiget dizze automatysk. Underwerpen kinne om in ferskaat oan redens ôfsletten wurde.
Nei boppen

Wat binne ûnderwerp ikoanen?
Underwerp ikoanen binne lytse plaatsjes dy't assosjearre wurde kinne mei bydragen, om sa de ynhâld oan te toanen. Ast de ûnderwerp-ikoanen brûke meist hinget ôf fan de troch de behearder yn stelde rjochten.
Nei boppen

Soarten brûkers en brûkersgroepen

Wat binne behearders?
Behearders binne de brûkers dy't alle rjochten hawwe op it foarum. Sy beheare alles dat mei it foarum te krijen hat lykas: rjochten, ferbannen fan brûkers, brûkersgroepen as masters oanmeitsje, ensfh. Harren rjochten binne fansels ôfhinklik fan wat de eigner fan it foarum harren tastiet. Ek ôfhinklik fan de beslissing fan de eigner, hawwe hja faaks alle mastersrjochten op it foarum.
Nei boppen

Wat binne Masters?
Masters binne brûkers as brûkersgroepen dy't mei helpe it foarum yn goeie banen te lieden. Sy kinne, yn de foara dy't hja bemasterje, bydragen oanpasse as fuorthelje; ûnderwerpen slute, iepenje, ferpleatse, splitse as fuorthelje. Yn it algemien moatte sy der gewoan op tasjen dat minsken net fan in ûnderwerp ôfdwale (ôfdwale) as ûnwinsklike bydragen pleatse.
Nei boppen

Wat binne brûkersgroepen?
Wannear't de behearder brûkers groepearje wol kin hy/sy dit dwaan troch it oanmeitsjen fan brûkersgroepen. Brûkers kinne lid wêze fan mear as ien groep (dit ferskilt per foarum), dizze groepen kinne ferskillende rjochten/tagongsrjochten krije. Op dizze wize is it foar de behearder in stik ienfâldiger om meardere Masters oan in foarum ta te heakjen, bepaalde brûkers tagong tejaan ta in priveefoarum, ensfh.
Nei boppen

Hoe kin ik lid wurde fan in brûkersgroep?
Om lid wurde te kinnen fan in brûkersgroepe moatst op de oanbelangjende ferwizing klikke yn it brûkerspaniel. Do krijst dan in oersjoch fan alle brûkersgroepen. Net alle groepen binne frij tagonklik, se fereaskje goedkarring fan dyn lidmaatskip en hawwe somtiden sels ferburgen brûkers. Wannear't it om in iepen groep giet kinst lid wurde troch op de oanbelangjende knop te drukken. At it in besletten groep is, kinst it lidmaatskip oanfreegje troch op de oanbelangjende knop te klikken. De groepslieder moat dyn oanfraach dan goedkarre, hy as sy freget mooglik wêrom'tst lid wurde wolst. Atst net talitten wurdst ta in groep moatst de groepslieder dêr net mei lestich falle. Hy as sy hat der grif in goeie reden foar om dy te wegerjen.
Nei boppen

Hoe wurd ik in groepslieder?
Brûkersgroepen wurde oanmakke troch de Behearder, dizze beslist dus ek wa't de groepslieder wurdt. Atst in brûkersgroep oprjochtsje wolst moatst kontakt opnimme mei de behearder, dit kin troch him/har in priveeberjocht te stjoeren.
Nei boppen

Wêrom hawwe guon brûkersgroepen in ôfwikende kleur?
De behearder kin in kleur tawize oan in brûkersgroep, dit is om de leden ienfâldiger te herkennen.
Nei boppen

Wat is de "standaard brûkersgroep"?
Atst lid bist fan meas as ien brûkersgroepen, wurdt dyn standaard brûkersgroep brûkt om dyn groepskleur en groepsrang te bepalen. De behearder kin dy de mooglikheid jaan om dyn standaard brûkersgroep oan te passen fia it brûkerskontrôlepaniel.
Nei boppen

Wêrfoar is de "it tiem" ferwizing ornearre?
Atst op dizze ferwizing klikst, komst op in side dy't in oersjoch jout fan de minsken dy't it foarum beheare. Yn dizze list fynst alle behearders en masters, mei dêrby de gegevens oer hokker foara at hja beheare en bemasterje.
Nei boppen

Priveeberjochten

Ik kin gjin priveeberjochten stjoere!
Hjir binne der trije mooglikheden: mooglik hast do dy net registrearre en/as ynlogd, de behearder lit mooglik priveeberjochten net ta as de behearder hat ynsteld datst do gjin priveeberjochten ferstjoere meist. At dat lêste it gefal is kinst kontakt opnimme mei de behearder.
Nei boppen

Ik bliuw mar net winske priveeberjochten krijen!
Do kinst brûkers blokkearje sadat sy dy gjin priveeberjochten mear stjoere kinne, dit bart fia it brûkers kontrôlepaniel. Wannear'tst ûnpaslike priveeberjochten ûntfangst fan in bepaalde brûker, nim dan efkes kontakt op mei de behearder, dizze kin der foar soargje dat hy as sy net langer de mooglikheid ta it ferstjoeren fan priveeberjochten hat.
Nei boppen

Ik haw reklame as in eameltsje mei ûnpaslike ynhâld fan immen fan dit foarum krigen!
It spyt ús dat te hearren. It eamelformulier fan dit foarum wurket mei in oantal techniken om stjoerders fan sokke berjochten te trasearjen. Do kinst it bêste de behearder in kopy fan it eameltsje stjoere, ynklusyf de headers (hjir stean de gegevens yn fan de brûker dy't it eameltsje stjoerde). De behearder kin dan maatregels nimme.
Nei boppen

Freonen en fijannen

Wêr is de freonen en fijannenlist foar ornearre?
Hjir kinst oare brûkers op it foarum mei út elkoar hâlde. Brûkers dy't yn dyn freonelist foarkomme wurde yn it brûkers kontrôlepaniel sjen litten sadatst rap sjen kinst at sy oanwêzich binne om harren bygelyks in priveeberjocht te stjoeren. Dêrneist is it ek mooglik dat harren bydragen, yn dyn notiidske template, markearre wurde. Atst in brûker oan dyn fijannelist taheakkest wurde syn as har bydragen standaard ferburgen.
Nei boppen

Hoe kin ik brûkers taheakje as fuorthelje fan myn freonen as fijannenlist?
Brûkers taheakje kin op twa manieren. Yn it profyl fan eltse brûker stiet in ferwizing om de brûker oan de freonen as fijannenlist ta te heakjen. De twadde manier is fia it brûkerspaniel, dan moatst in brûkersnamme opjaan. Op dy selfde side kinst brûkers ek wer fan de list ôfhelje.
Nei boppen

Foarums trochsykje

Hoe kin ik sykje op it foarum?
Do kinst sykje op it foarum troch in sykterm op te jaan yn it sykfjild datst fine kinst op de haadside en op de foarum- en ûnderwerpsiden. In útwreide syktocht is mooglik troch op de "sykje" ferwizing te klikken. Dizze stiet op elke side.
Nei boppen

Wêrom smyt myn sykopdracht neat op?
Faaks wie dyn sykterm net spesifyk genôch. Ek kin it wêze dat der tefolle kaaiwurden yn foar kamen dy't net troch phpBB yndeksearre wurden binne. Wês spesifiker en brûk by útwreide sykopdrachten ek alle mooglike opsjes.
Nei boppen

Wêrom bedarje ik by it sykjen op in lege side?
Dyn sykopdracht joech mear risseltaten as de webserver oan koe. Brûk de útwreide sykmooglikheid en spesifisearje sawol de syktermen as de te trochsykjen foarums.
Nei boppen

Hoe fyn ik in brûker?
Gean nei de "leden" side en klik op de "sykje in lid" ferwizing. Op dy side follest dan de opsjes yn.
Nei boppen

Hoe kin ik myn eigen bydragen en ûnderwerpen fine?
Do kinst dyn eigen bydragen fine troch op de "toan dyn eigen bydragen" ferwizing yn it brûkerspart te klikken, as fia dyn eigen profyl. Om dyn eigen ûnderwerpen te sykjen, moatst de útwreide sykmooglikheden brûke.
Nei boppen

Underwerp abonneminten en blêdwizers

Wat is it ferskil tusken in blêdwizer en in abonnemint?
Bledwizers yn phpBB3 binne lykas blêdwizers (as favoriten) yn dyn webswalker. Do wurdst net op de hichte brocht fan oanpassings en oanfullings, mar do kinst der altyd rap werom komme. It ferskil mei abonneminten leit him yn it feit datst by in abonnemint automatysk op de hichte hâlden wurdst fan oanpassings en oanfullings. Dit bart op de troch dy oanjûne wize.
Nei boppen

Hoe nim ik in abonnemint op in foarum as ûnderwerp?
Do kinst in abonnemint nimme op in foarum troch op de "nim in abonnemint op dit foarum" ferwizing te klikken dat ferskynt atst in foarum iepene hast. In foarum en ûnderwerp abonnemint wurket op gelikense wize. Om in abonnemint te nimmen op in ûnderwerp kinst in antwurd pleatse en dan de abonnemintsopsje oan te finken as do kinst op de oanbelangjende ferwizing yn it ûnderwerp klikke.
Nei boppen

Hoe sis ik in besteand abonnemint wer op?
Om dyn abonnemint op te sizzen, giest nei dyn brûkerspart en klikst op de abonnemintsferwizing.
Nei boppen

Taheakkings

Hokker taheakkings wurde tastien op dit foarum?
De behearder bepaalt hokker bestannen al as net tastien wurde. Atst der net wis fan bist of in bepaald bestânstype opladen wurde mei kinst ynformaasje ynwinne by de behearder.
Nei boppen

Hoe fyn ik al myn taheakkings?
Do kinst in list fan al dyn opladen taheakkings fine fia it brûkerskontrolepaniel, folgje hjir de ferwizings nei it part oer taheakkings.
Nei boppen

phpBB 3 fragen

Wa hat dit foarum skreaun?
Dit stikje sêftguod (yn har orisjinele foarm) waar skreaun, frijjûn en mei in kopyrjocht beskerme troch de phpBB groep. De applikaasje is beskikber ûnder de GNU General Public License en mei frij ferspraad wurde, foar mear ynformaasje kinst op de ferwizing klikke.
Nei boppen

Wêrom is opsje X net beskikber?
Dit stikje sêftguod waard skreaun troch en is eigendom fan de phpBB Groep. Atst fan betinken bist dat in bepaalde opsje taheakke wurde moat dan kinst de phpbb.com thússide besykje om te sjen wat de phpBB Groep hjir op te sizzen hat. Pleats dyn fersyk asjeblyft net yn it phpBB.com foarum, de phpBB groep brûkt sourceforge om nije opsjes te ferwurkjen. Lês alle foara troch om te sjen oft de troch dy winske opsje net al bestiet en wat de posysje dêrfan is, folgje de dêr beskreaune prosedures.
Nei boppen

Mei wa kin ik kontakt opnimme oer misbrûk en/as wetlike kwestjes yn ferbân mei dit foarum?
Alle behearders dy't op de "it tiem"-side fermeld wurde, stean iepen foar jo klachten. At der gjin reaksje folget kin kontakt socht wurde mei de eigner fan it domein (troch in whois sykopdracht) as, wannear't it foarum by in fergees webhostingbedriuw stiet (lykas xsbb.nl, nl.forums.cc, dotbb.be, ensfh.), it behear as de misbrûk-ôfdieling fan dizze fergese host. Wês der fan bewust dat de phpBB groep gjin ynspraak hat en dus yn gjin inkeld gefal oanspraaklik hâlden wurde kin oer hoe, wêr en troch wa't dit foarum brûkt wurdt. Nim gjin kontakt op mei de phpBB groep mei fragen oangeande wetlike kwestjes (lykas oanspraaklikheid, net winske bydragen, ensfh.) dy't net streekrjocht yn ferbân stean mei de phpBB.com-thússide as it phpBB-sêftguod. Atst de phpBB groep dochs in eamel stjoerst oer dit sêftguod dat brûkt wurdt troch tredden kinst in hiele koarte as faaks hielendal gjin reaksje ferwachtsje.
Nei boppen
cron